Brêgen in wike earder omheech

11 mrt 2008 - 10:32

De brêgen yn Fryslân wurde dit jier in wike earder as oars betsjinne om't de peaskefakânsje yn Dútslân betiid falt. In soad Dútsers kieze Fryslân as har wettersportbestimming. Gewoanwei begjint it farseizoen mei Peaske, mar no is dat kommende sneon.

Rekreanten kinne dan ek al in tal haadrûtes sûnder opûnthâld farre, om't dêr brêgen ferhege binne of troch akwadukten ferfongen binne. Ek wurde de pauzes yn de betsjinning ôfskaft.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)