Definsje sjocht bylden Omrop

10 mrt 2008 - 22:55

De reportage 'Fryske sjirurgen yn Kandahar' is moandeitejûn gewoan op Omrop Fryslân útstjoerd.

Sjirurch Rob Leemans fan it MCL yn Ljouwert hat bylden makke yn Afganistan en woe dy yn it programma Brekking sjen litte. Definsje moast earst kontrolearje oft der materiaal yn siet dat net útsjoerd wurde mocht. Dat wie net it gefal. Definsje en de polityk steane op it stuit skerp yn ferbân mei de film fan Geert Wilders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)