Snitser skip op strân Frankryk

10 mrt 2008 - 20:42

Tiisdeitemoarn betiid wurdt probearre it Snitser frachtskip Artemis wer flot te lûken foar de kust fan Sable d'Olonne yn Frânkryk.

It 88 meter lange skip rûn moandeitemoarn troch de hurde wyn fêst op it strân fan de Vendée, sa'n 90 kilometer ûnder Nantes. It skip fan de Snitser Rederij Oudvaart Shipping fart foar in bedriuw út Delfsyl en kaam út Portugal. De bemanning fan it Snitser skip kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)