Boat Amelân fêst foar Holwert

10 mrt 2008 - 19:52

De fearboat fan It Amelân nei Holwert fan moandeitemiddei healwei seizen hat sa'n trije kertier fêst sitten ticht by de pier fan Holwert.

Troch de hurde súdlike wyn wie it wetterpeil sawat twa meter beneden NAP sakke en dêrtroch stie der yn kombinaasje mei it tij te min wetter yn de farrûte. Uteinlik koe de boat de minsken om kertier oer sânen hinne op Holwert ôfleverje en dêrnei werom farre nei It Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)