20.000 euro foar Stedsfeesten
It bedriuwslibben yn Dokkum hat op dit momint sa'n 20.000 euro by elkoar brocht foar de tradysjonele Stedsfeesten yn augustus en septimber dit jier.
Begjin dit jier waard bekend dat it evenemint dizze simmer net plakfine koe, omdat der jildkrapte wie. It bedriuwslibben en de buertferienings hawwe doe har stipe jûn. Op Keninginnedei wurdt ûnder oaren noch in kollekte holden.