Carglass skrast 68 banen

29 mrt 2012 - 10:52

By Carglass ferdwine 68 fan de 850 arbeidsplakken. De ûntslaggen falle yn alle 53 festigingen fan it autorutereparaasjebedriuw. Yn Fryslân giet it om de filialen yn Ljouwert en op It Hearrenfean. It is noch ûndúdlik hoefolle minsken der per fêstiging út moatte en hoefolle fan de ûntslaggen twongen binne.

Der gean gjin filialen ticht. Fan fan 't simmer ôf wurde wurksumheden as planning en fakturearring mear sintraal regele en net langer út alle fêstigingen apart wei. Dêrfoar komme 15 wurkgebieten.

Dat betsjut nei alle gedachten dat der ien noardlik gebiet komt foar Carglass. It tal monteurs bliuwt gelyk. Der wurdt wurke oan in sosjaal plan om wurknimmers yn oare branches oan in baan te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)