Skûtsjesile op Sail 2010

10 mrt 2008 - 14:12

De SKS sil yn 2010 by Sail Amsterdam 2 oant 3 hurdsylwedstriden organisearje op 't IJ. De SKS hat de organisaasje as betingst steld dat it IJ dan ôfsletten wurde moat foar al it oare farferkear. De wedstriden sille dêrom mar in oere duorje.

De organisaasje fan Sail hat de SKS frege om mei alle 14 skûtsjes nei Amsterdam te kommen. De SKS fielt dêr wol foar, mar allinnich as der ek wedstrydsyld wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)