1000 minsken wolle alkoholslot

© Omrop Fryslân
Mear as tûzen minsken wolle meidwaan oan in proef mei it alkoholslot. Der kinne lykwols mar 80 minsken oan de proef meidwaan.
Mei in alkoholslot moat de bestjoerder earst blaze foar't er de auto starte kin. Earder waard al bekend dat der by dy oanmelders in soad minsken sitte dy't wolris mei in slok op achter it stjoer sitte. De test begjint op 9 april, ynskriuwe is yntusken net mear mooglik.