Proeffeart mei lang skip

10 mrt 2008 - 12:05

De provinsje en de gemeente Smellingerlân hâlde woansdei in proeffeart mei in binnenfeartskip fan 110 meter. Deputearre Piet Adema en boargemaster Bert Middel farre fan De Krúswetters nei Drachten mei op it skip de Concordia. It skip bringt in lading nei Drachten en fart dan leech werom.

De proef moat sjen litte wat de mooglikheden binne om de farwei te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)