Opsporing Verzocht oer Igli

10 mrt 2008 - 10:50

De plysje lit tiisdei yn it tv-programma Opsporing Verzocht de sinjaleminten sjen fan twa minsken dy't mooglik belutsen wiene by de dea fan Tevfik Igli yn Ljouwert. Igli (41) waard op 11 febrewaris yn syn auto op de Grientemerk fan tichtby besketten. De twa minsken dy't de plysje siket, wiene op of yn de buert fan it plak fan it misdriuw.

De plysje siket ek noch in man dy't op kamerabylden fan Stadstoezicht stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)