Logo foar keninginnedei

dit is it spesjale logo
De gemeente Wûnseradiel hat in spesjaal logo meitsje litten foar keninginnedei. Keninginne Beatrix komt dit jier earst yn Makkum en dêrnei yn Frjentsjer.
Foar alle kommunikaasje oer de aktiviteiten yn Makkum is der no in logo. Sintraal dêryn stiet it hert sa as dat yn it offisjele gemeentewapen fan Wûnseradiel stiet. It bist hat in kroan krigen, dat bestiet út in dûbel, spegele gewei.