Moandei wer staking lytsmetaal

10 mrt 2008 - 07:53

De stakings yn it lytsmetaal geane moandei de tredde wike yn. Yn it hiele lân geane meiwurkers fan tsientallen bedriuwen yn staking foar in bettere CAO. Dêrby is ek in oantal Fryske bedriuwen. It giet ûnder oaren om autobedriuw Van de Brug yn Drachten en de Gaswacht op De Gordyk.

De meiwurkers komme by elkoar yn it Fries Congrescentrum yn Drachten. De ûnderhannelings oer in nije CAO foar it lytsmetaal rûnen yn jannewaris fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)