Trije Tsjummearumers oppakt

29 mrt 2012 - 10:24

De plysje hat dizze wike trije ynwenners fan Tsjummearum oanhâlden fanwege it fernielen fan in diskobus, ein febrewaris. Yn de bus wie spul ûntstien tusken in groep Harnzers en de Tsjummearumers en dat rûn út op fjochterij. Dêrby waarden ruten fan de bus fernield.

Ferfiersbedriuw Connexxion hat yn reaksje dêrop besletten op te hâlden mei it diskoferfier nei Harns, omdat it it safolste ynsidint yn in rige wie. De fertochten út Tsjummearum fan 21,22 en 23 jier wurde freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

De plysje slút net út dat noch mear minsken oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Tsjummearum Connexxion
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)