Berôving fan gsm

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de berôving fan in Ljouwerter (17) yn de nacht fan sneon op snein op de Grienewei yn syn wenplak. It slachtoffer stie dêr even stil mei de fyts om te beljen. In ûnbekende man sloech him ynienen fan de fyts en pakte syn telefoan ôf.
Doe't it slachtoffer wer oerein komme woe, waard er opnij tsjin de grûn slein, diskear troch in oare, ek ûnbekende man. Beide dieders naaiden út yn de rjochting fan de Prinsetún.