Promoasje damklub Frjentsjer

09 mrt 2008 - 15:26

De damklub Frjentsjer promovearret foar it earst yn har histoarje nei de eareklasse. Dat is it heechste damnivo fan Nederlân. Sneon spilen se yn Wânswert in promoasje-degradaasjewedstriid tsjin Heijmans Excelsior út Rosmalen.

De wedstriid einige yn in gelikense stân, mar nei in ronde sneldamjen wûn Frjentsjer mei 13-7. Foar it earst sûnt fiif jier docht der no in Frysk team mei op it heechste nivo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)