Berôving yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Sint Jabik is sneontemiddei berôve op de Stasjonswei yn Ljouwert. It slachtoffer waard troch twa manlju oantreaun en berôve fan syn beurs. Dêrnei naaiden se út.
Beide dieders wiene likernôch 23 jier, 1,65 meter lang, hiene in licht tinte hûdskleur en donker krollerich hier. Beide dieders droegen in spikerbroek en wite gymskuon. Ien dieder droech in koarte, swarte jas, de oare hie in swarte, wattearre jas oan.