Tsjûgen socht fan berôving

09 mrt 2008 - 14:52

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in berôving sneon yn Ljouwert. Oan de Huzumerleane wie in Ljouwerter (73) mei syn like âlde frou yn in rolstoel oan it kuierjen tsjin midsnacht.

In noch ûnbekende jongeman spruts har oan en easke jild. Hy pakte in tas fan achter de rolstoel mei en naaide gau út. In man dy't de hûn útliet, hat noch achter de dieder oansitten en wist sa de tas werom te pakken. De plysje wol graach mei dizze man prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)