Twa ferwûnen by botsing A6

29 mrt 2012 - 10:20

Op de A6 by Dunegea binne woansdei twa manlju ferwûne rekke by in oanriding. Troch noch ûnbekende oarsaak kamen twa auto's mei in touringcar yn botsing. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. In 57-jierrige man út Kimswert en in 58-jierrige man út Amsterdam rekken ferwûne en binne nei it sikehûs brocht.

Yn de file dy't troch it ûngelok ûntstie kamen ek noch fjouwer auto's mei-inoar yn botsing. Dêrby rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)