Cruijff Court yn Ljouwert

09 mrt 2008 - 10:12

De gemeente Ljouwert begjint no moandei mei de oanlis fan it saneamde 'Cruijff Court Cambuur Veld' en de fernijing fan de boarterstún by it Cambuurstadion. In Cruijff Court is in keunstgersfjild, bedoeld om safolle mooglik jeugd oan it sporten te krijen.

Healwei maaie moatte it fjild en de boarterstún klear wêze. It projekt wurdt betelle troch Cambuur, de gemeente Ljouwert en de Stichting Cruijff Courts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)