Goud en sulver foar Sven

09 mrt 2008 - 09:30

Sven Kramer hat op de lêste dei fan it WK ôfstannen yn Nagano goud wûn op de ploege-achterfolging. Mei syn maten Wennemars en Olde Heuvel wie Nederlân oppermachtich.

Op de 1500 meter wie der sulver foar de reedrider fan It Hearrenfean. Kramer ried deselde tiid as Shani Davis: 1.45,32. It goud wie foar de Kanadees Denny Morrison yn 1.45,22. Sven Kramer giet nei hûs mei trije gouden en ien sulveren medalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)