Famke fan 6 jier oanriden

© Omrop Fryslân
De plysje siket minsken dy't sjoen ha dat op De Gordyk in famke fan seis jier oanriden is. Tiisdei oan it begjin fan de jûn waard it famke op de Hegedyk oanriden troch in brommer. Hy ried tsjin it tsjil fan har fyts op, wêrtroch't se foel.
De brommerrider, in blanke jonge fan tusken de 16 en 20 jier, ried troch. Hy hie in swarte jas oan en ried op in swarte brommer.