Ferlies foljebalsters Snits
Yn de B leaque hawwe de foljebalsters fan Snits sneon de topper tsjin Weert mei 3-0 ferlern. De setstannen wiene 22-25, 20-25 en 17-25.
Troch dit ferlies stean de Snitsers no acht punten achter op koprinner Weert. Der binne noch fiif wedstriden te gean. De kâns dat Snits Weert noch ynhelje sil liket hiel lyts. Weert hat oant no ta noch gjin wedstryd ferlern.