Harkemase Boys wer haadklasser

08 mrt 2008 - 16:46

Harkemase Boys spilet takom seizoen wer yn de haadklasse fan it sneonsfuotbal. De Harekiten wûnen yn Hoogeveen mei 4-2 fan HZVV. Jelmer Slager en Martijn Barto makken elk 2 doelpunten. Jelmer Slager soarge yn de 32ste minút foar de iepeningtreffer en Martijn Barto sette yn de earste minút fan de twadde helte de 0-2 op it boerd.

Harkemase Boys is mei 48 punten út 16 wedstriden de earste noardlike amateurkampioen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)