Dieven slaan slach yn Ljouwert
Dieven hawwe yn tongersdeitenacht ynbrutsen yn in hûs oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Se kamen deryn troch in rút stikken te meitsjen.
De ynbrekkers hawwe in kompjûter, in mingpaniel, in beurs, in kamera en in bosk kaaien bútmakke. Mei ien fan de kaaien hawwe se de auto stellen dy't op de oprit stie.