Banemerk op waadeilannen
It CWI hat sneon banemerken op de Fryske waadeilannen organisearre om't der hieltyd dreger minsken te finen binne foar fakânsje- en seizoenswurk. Der kamen fjirtich sollisitanten nei It Amelân om mei har mooglik takomstige wurkjouwers te praten en op it wurkplak te sjen.
Eardere banemerken op de fêstewâl smieten net folle op.