Toch disko súdkant Dokkum?

08 mrt 2008 - 10:58

Mooglik komt der dochs in útgeansgelegenheid oan de súdkant fan Dokkum. Wethâlder Appelhof fan Dongeradiel seit dat dêr noch wol in kâns foar is. It is net bekend mei hokker ûndernimmer hy yn gesprek is. It soe gean om in kompeks mei in bar, in dancing, in sealesintrum en restaurant.

Disko de Ponderosa soe al nei dy lokaasje ferhúzje, mar dat gie oer om't se net oant 6.00 oere iepen meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)