Jeugdparlemint jout jild út

© Omrop Fryslân
It 17e Frysk Jeugdparlemint hat de 2500 euro dy't it útjaan mocht ferdield oer seis projekten op it mêd fan feiligens, ekonomy en miljeu.
It jild is ûnder oaren bedoeld foar spesjale websiden mei ynformaasje oer alkohol en drugsgebrûk en oer staazjeplakken foar studinten. Yn totaal 92 learlingen fan tsien middelbere skoallen hawwe trije dagen lang de provinsjale polityk neispile.