Basisplak foar Roy Beerens

Roy Beerens spilet sneontejûn yn de basis. (foto: Martin de Jong)
Hearrenfean-spiler Roy Beerens spilet sneontejûn yn de basis yn de wichtige thúswedstriid fan sneon tsjin NAC Breda. Hy hâldt dêrmei Jakob Poulsen út de basis. Ek Calvin Jong-a-Pin hat in basisplak. Hy spilet omdat Henrico Drost de gryp hie dizze wike. Drost hat hjoed foar it earst meitraind.
Michael Dingsdag is werom fan in skorsing, lykas keeper Brian Vandenbussche. Dêrom sit Rob van Dijk wer op de bank.