NNO lûkt folle mear besikers

07 mrt 2008 - 12:03

De konserten fan it Noord Nederlands Orkest, it NNO, hawwe yn 2007 hast 99.000 besikers lutsen. Dat binne der mear as 30.000 mear as yn 2006. Ek de besikers fan konserten yn Rotterdam, Amsterdam en Parys binne meiteld.

It NNO joech ferline jier ûnder oare Pink Floyd konserten en iepenloft konserten. Dy soargen foar in soad ekstra publyk. It NNO hopet dit jier op de hûnderttûzen besikers út te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)