Ynbrekkers Wolvegea oanhâlden

07 mrt 2008 - 10:28

Mei de oanhâlding fan twa ynwenners fan Wolvegea fan 16 en 25 jier hat de plysje in ynbraak en in tal stellerijen oplost. De twa waarden yn novimber ferline jier betrape doe't se yn in dûnsskoalle yn harren wenplak jassen stelle woene.

Nei plysje-ûndersyk koene de beide fertochten begjin dizze wike oppakt wurde. By ferhoar bekenden se de ynbraak by in gemeentewerf. Ek ha se jassen stellen út in sporthal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)