Plomfeehâlderij folle grutter

07 mrt 2008 - 08:05
  • In plomfeehâlderij yn Furdgum kin útwreidzje

In plomfeehâlderij yn Furdgum kin útwreidzje fan 43 tûzen nei 120 tûzen piken. De ried fan Frjentsjerteradiel is dêr tongersdei mei akkoard gong.

Gemeentebelang, GrienLinks, FNP en in PvdA'er wiene tsjin de útwreiding. De plomfeehâlderij leit op 110 meter fan it doarp en dat fine de riedsleden te tichtby. CDA, VVD, ChristenUnie en de oare PvdA-riedsleden gongen akkoard mei de útwreiding. It doarp sels is der poer op tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)