Provinsje-amtners lulk

06 mrt 2008 - 23:30

De provinsjale amtners ha der skjin har nocht fan dat se de lêste tiid sa negatyf yn it nijs komme. Yn in brief oan de steateleden skriuwt de ûndernimmingsried dat der ynteger hannele wurdt en dat der betrouwen is yn inoar en yn it provinsjaal bestjoer.

De UR reagearret ûnder oare op Johannes Kramer (FNP). Dy fynt it tiid om de biezem troch de organisaasje te heljen, no't der safolle mis giet by de nijbou fan it provinsjehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)