Aksje tsjin ljipaaisykjen

06 mrt 2008 - 14:59

De Partij_voor_de_Dieren fiert tongersdeitemiddei aksje tsjin it ljipaaisykjen yn Fryslân. De partij docht dat by it oanbieden fan it earste ljipaai oan kommissaris Nijpels troch Marten_Scheffer. Dy fûn it aai tongersdeitemoarn by Hitsum.

Nijpels krijt by wize fan protest in neimakke aai fan in dodo. Neffens de partij sil de ljip krekt lykas de dodo útstjerre as it aaisykjen net ferbean wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)