Spilers op proef by Cambuur

© Omrop Fryslân
Sportclub Cambuur hat dizze wike twa spilers op proef. It giet om Rodrick Mputu_Maveso en Dee_Okojie. Beide spilers ha op dit stuit gjin club.
De Kongolees Mputu_Maveso is in sintrale ferdigener en spile yn de jeugdoplieding fan Juventus. Okojie is in Nigeriaan, spile yn it ferline by de jeugd fan Chelsea en kin op alle posysjes oan de rjochterkant út 'e fuotten.