Appartemintekompleks ûntromme

06 mrt 2008 - 11:14

In appartemintekompleks mei fiifentweitich senioarewenten op de Compagnonshaven yn Appelskea is tongersdeitemoarn ûntromme. By in bedriuw njonken it tehûs wie brân. De brânwacht hat de bewenners fan it tehûs evakuearre om't der in soad reek by de brân frijkaam.

It giet om in brân yn in papierkontener yn in hok. Hoe grut oft de brân krekt is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)