Keniaan by Bonifatiusloop

De organisaasje rekkent op in Keniaanse dielnimmer
De organisaasje fan de Bonifatiusloop rekkent op in Keniaanse dielnimmer, dy't yn steat is om it parkoersrekord te ferbetterjen. Der is tasein dat der in rappe Keniaan komt. Of't it om in man of in frou giet, is noch net bekend. De Bonifatiusloop is op 15 maart. Der binne no 300 ynskriuwings.
It parkoersrekord foar de heale maraton stiet by de manlju op hast 1 oere en 5 minuten, by de froulju op goed 1 oere en 19 minuten.