Dokkumer mishannelet frou

© Omrop Fryslân
In 30-jierrige Dokkumer is troch de plysje oanholden foar mishanneling. In 48-jierrige frou út Haulerwyk wie woansdeitenacht by de fertochte op besite. Doe't se wer fuortgean soe, slute de Dokkumer de frou op en sloech har mei syn fûst yn it gesicht. Ek sloech er har mei in flesse op 'e holle.
Boppedat pakte de man it jild en de identiteitskaart fan de frou ôf. It slachtoffer hie ferskate ferwûnings.