Man slim ferwûne by oanriding

06 mrt 2008 - 10:29

In man fan 84 jier út Ljouwert is woansdeitemiddei slim ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. De man rûn troch de Tjotterstrjitte doe't in 32-jierrige man út Oerterp mei syn buske achterútried.

De sjauffeur seach de man net en botste tsjin him op. It slachtoffer hie slimme ferwûnings en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)