Kramer wrâldkampioen fiif km

Kramer wrâldkampioen fiif km
Sven_Kramer is by de WK ôfstannen yn Nagano wrâldkampioen op 'e fiif kilometer wurden. Mei in tiid fan 6.17,24 liet er de Italjaan Enrico Fabris achter him. Wouter_Olde_Heuvel einige as tredde.
Kramer mocht as lêste starte op 'e fiif kilometer en koe him rjochtsje op de tiid fan Fabris. It ferskil wie úteinlik hast trije sekonden. Sneon komt Kramer opnij yn aksje, dan op 'e 10 kilometer.