Oerlêst fytsen Snits oanpakt

© Omrop Fryslân
By it stasjon fan Snits komme mear fytserekken oan 'e kant fan it busstasjon. Dat is de útkomst fan in kommisjegearkomste fan 'e gemeente op woansdeitejûn.
Omwenners en brûkers fan 'e fytsestalling by it stasjon hawwe in soad lêst fan fytsen dy't ferkeard delset binne. Ferline jier hat de gemeente tritich fytsen fuorthelje litten. Dêrfan is net ien ophelle. De wrakken gean dêrom mei it âld izer.