Nije wenwyk by sintrum Snits

© Omrop Fryslân
Snits krijt in nije wyk flakby it sintrum. Wethâlder Van den Broek makke de namme 'De Poort van Sneek' woansdei bekend. Op it bouterrein oan 'e Dryltserkade wurde 52 hûzen boud en trije appartemintekompleksen.
It earste kompleks is foar de simmer al klear. De ferkeap fan 'e wenten ferrint dreech. Benammen mei de apparteminten giet it net hurd.