Kampanje om jeugd te hâlden

05 mrt 2008 - 15:17

De kampanje Jong Friezen Foarút moat opkeare dat jonge minsken út it Noarden fan Fryslân fuortlûke. De jongerein sil better ynformeard wurde oer wenjen en wurkjen yn 'e regio. De provinsje lûkt 400.000 euro út foar de kampanje.

Neist kursussen en workshops ferskynt ek in nij blêd dat de mooglikheden yn Noard-Fryslân oan de man bringe moat. It is in inisjatyf fan gemeenten, bedriuwen en ûnderwiisynstellingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)