Gjin nij MFC yn Warkum

05 mrt 2008 - 11:51

Warkum krijt gjin nij grut sintrum, sa hat de gemeenteried besletten. Der soe in multyfunksjoneel gebou komme foar de trije basisskoallen, de sporthal, it swimbad en de muzykskoalle.

Ein ferline jier die al bliken dat der gjin draachflak is foar in brede akkommodaasje. De iepenbiere en de katolike basisskoalle wolle net meidwaan. Foar de ried wie dielname fan alle trije de skoallen nedich foar it trochgean fan sa'n breed sintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)