Fryske postkantoaren slute

05 mrt 2008 - 11:44
  • postkantoaren slute; der komme mear festigingen yn supermerken

De fiif Fryske postkantoaren gean ticht. It giet om de kantoaren yn Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean, Dokkum en Snits. De kommende fiif jier slute TNT-post en de Postbank alle 250 postkantoaren dy't der noch binne. Dêrfoar yn 't plak komme folle mear festigings fan it postkantoar yn boekwinkels en supermerken. Dêr komme 750 fan by.

De fakbûnen hawwe noed oer de sluting wêrby't lanlik 1850 banen ferdwine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)