Dellewalplan opnij besjen

05 mrt 2008 - 11:38

De ried fan Skylge wol de plannen foar de Dellewal op it eilân rêde. Neffens it plan soene dêr hûzen en in teater komme moatte. Der is lykwols te min draachflak foar en dêrom wol it kolleezje de grûn ferkeapje. Dat giet de gemeenteried te fier. Dy wol earst besjen oft de gemeente net by de plannen belutsen bliuwe kin.

It Dellewalprojekt is mei ûntwikkele troch wenningboukorporaasje WoonFriesland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)