Hibma by Max & Loretta op TV

Durk Hibma by Max&Loretta op TV
Direkteur Durk_Hibma fan It Fryske Boek sit tongersdei yn it program MAX & Loretta op de lanlike televyzje. It program jout omtinken oan de Fryske Boekewike. Hibma sil mei Loretta_Schrijver prate oer nut en needsaak fan de Fryske Boekewike. It program is 6 maart om 17.35 oere te sjen op Nederlân 2.
De Fryske Boekewike duorret noch oant en mei 9 maart. Snein kinne minsken mei it boek fergees reizgje.