Stentec wint priis op Hiswa

05 mrt 2008 - 11:07

It bedriuw Stentec út Heech hat de Hiswa-ynnovaasjepriis 2008 wûn. Se krigen de priis tiisdeitejûn by de iepening fan de wettersportbeurs yn Amsterdam.

It bedriuw út Heech makket navigaasjeapparatuer foar boatsjeminsken. It kompjûterprogram hâldt dêrby rekken mei wetterstreaming en it waar. Sa kinne skippers de rapste en feilichste koers oer it wetter útsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)