Wâlden winne Boer tsjin Boer

Gerke Veenstra út Twizel en syn staazjerinner Sjoerd van der Boon ha Boer tsjin Boer wûn. Tiisdeitejûn waard de finale úttsjoerd.
It duo rekke yn de earste trije proeven bot achter op har tsjinstanners Jan en Karin van der Plaats út Froubuorren. Mar yn de beslissende finale-race die bliken dat Gerke Veenstra oer stielen senuwen beskikt. Hy wist de 6 meter spiraal as fluchste te oerwinnen.