Kampioenen huldige yn Ferwert

04 mrt 2008 - 17:39
  • it geflekte hynder by it gemeentehûs fan Ferwerderadiel
  • Yne-Pieter Terpstra en syn papegaai wurde lokwinske troch boargemaster Van den Berg

Yn Ferwert wie tiisdei in bysûndere huldiging fan kampioenen. Op it gemeentehûs fan Ferwerderadiel waarden gjin sporters, mar in papegaai en in hynder yn it sintsje set.

De papegaai is in twajierrige Agapornis dy't earder wrâldkampioen waard. It Appaloosa-hynder is Nederlânsk kampioen. De eigners kamen mei har bisten nei it gemeentehûs fan Ferwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)