PM-kanaal útbaggere

04 mrt 2008 - 16:23

Takom moandei wurdt úteinset mei it útbaggerjen fan it Prinses Margrietkanaal. It súdlike stik fan it kanaal wurdt útdjippe. Dêrtroch kinne gruttere skippen troch it kanaal farre.

Tidens it baggerjen sil 500.000 kúb meter slyk omheech helle wurde. In part dêrfan brûkt it wetterskip foar de kaaien by it kanaal lâns. De rest wurdt per skip ôffierd nei in depot. It wurk duorret 4 oant 5 moannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)